Nij kolleezje foar twa gemeenten

04 apr 2006 - 14:56

Dantumadiel en Achtkarspelen hawwe har kolleezje rûn. Yn Dantumadiel komme CDA en PvdA yn it kolleezje. As wethâlders binne foardroegen Albert van der Ploeg (CDA) en Siepie Hijlkema (PvdA). Yn Achtkarspelen wurdt it nije kolleezje foarme troch CDA, PvdA en de ChristenUnie. De PvdA siket noch in wethâlder. Fierder twa bekenden: Willem van der Wal (CDA) en Pieter van der Veen (Christenunie). Achtkarspelen giet werom fan fjouwer nei trije wethâlders.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)