Nije pleechgesinnen socht

04 apr 2006 - 14:50

De provinsje Fryslân lûkt dit jier ien miljoen euro út foar de opfang fan jongeren yn pleechgesinnen. Dat makke deputearre Ploeg moandei bekend by it begjin fan de kampanje 'Wij zoeken nog een hart met wat ruimte'. Doel fan de kampagne is om noch sa'n 30 nije gesinnen te finen dy't wol in pleechbern ha wolle.

Fryslân docht it lanlik sjoen goed wat it tal pleechgesinnen oanbelanget. De wachtlist is net hiel grut.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)