Nije ploech Wieteke Cramer

© Omrop Fryslân
Reedriidster Wieteke Cramer fan it Fean hat in nije ploeg. It liket it derop dat se de nije kopfrou wurdt fan de VPZ-ploech. Foarhinne ried Barbara de Loor ek by VPZ. Cramer komt no werom by har âlde trainster Sijtje van der Lende. Sy socht in oare ploech, omdat de Postcodeloterij ophâlden is mei harren team.
In part fan Cramers kollega's is nei de DSB-ploeg gien, mar dêr wie Cramer net foar útnoege.