Ek faksinaasjes yn Fryslân

04 apr 2006 - 12:05

It faksinearjen fan plomfee tsjin de fûgelgryp bart noch mar kwalik yn Nederlân. De measte hobbyplomfeehâlders fine dat it te min opsmyt: it is djoer, en as de fûgelgryp útbrekt, is it net wis oft de faksinearde fûgels net romme wurde.

De famylje Bekkema fan Molkwar liet moandei as earste fan West-Fryslân har bisten intsje. Wat dêrby ek meispile is de bân mei de eigen bisten en de eangst se troch de fûgelgryp te ferliezen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)