Innovatie Express yn Dokkum

© Omrop Fryslân
Nijsgjirrige nije projekten moatte lanlik mear bekendheid krije, sa fynt it ryk. Dêrom it it projekt 'Pinguïns kunnen vliegen' opset. Sintraal dêryn stiet in bus, de Innovatie Expres. Moandei wie de bus yn Dokkum, om in nij fideokonferinsjesysteem te besjen.
De plysje brûkt dat nije systeem om arrestanten op 'e eilannen foar te lieden oan de offisier fan justysje. De bêste trije projekten dogge mei oan in Europeeske wedstriid.