Frisia mei liedingen oanlizze

04 apr 2006 - 09:11

Frisia Sâlt mei nije piipliedingen yn Noardwest-Fryslân oanlizze. Dat hat de rjochter bepaald yn in koart geding dat oanspand wie troch in groep fan alve boeren. De boeren wolle gjin liedingen oer har lân, mar de rjochter hat no bepaald dat se dochs meiwurkje moatte.

De nije liedingen by Easterbierrum en Tsjummearum binne nedich omt Frisia dermei sâlt winne kin út in nije put. Neffens Frisia kin de winning no oer inkele wiken úteinsette.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)