Kreakaksje troch skoalbern

© Omrop Fryslân
Learlingen fan it Bogerman College yn Snits ha ôfrûne wykein koart in âlde konsjerzjewenning kreake. De wente stiet op it terrein fan de skoalle oan de Himdyk.
Goed in jier lyn siet der noch in troch learlingen útbate bar yn it pân. Dy moast ticht omdat it behear troch de learlingen net altiten goed gong. Om de bar wer iepen te krijen, ha fjouwer learlingen en in freon it gebou kreake.