Mobyl honk foar jeugd Frjentsjer

© Omrop Fryslân
De jeugd fan Frjentsjer krijt in mobyl jongerenhonk. It jongerenwurk hat spesjaal dêrfoar in âlde SRV-wein oankocht en omboud. Mei de wein kinne de jongerenwurkers nei dy plakken ta dêr't de jeugd omhinget en fuortendaliks ynspylje op de situaasjes dy't spylje.
It mobile honk komt der mei op oantrunen fan de jeugd sels. Dy hat oanjûn dat dêr ferlet fan is. It honk wurdt freed offisjeel yn gebrûk naam.