Hiele LC-argyf op ynternet

© Omrop Fryslân
Alle Ljouwerter kranten, fan 1752 ôf, sille yn de takomst digitalisearre en op ynternet setten wurde by Tresoar. Freed sette de ôfskied nimmende direkteur Douwe de Vries fan Tresoar de hanteken ûnder de oerienkomst mei de Ljouwerter Krante.
In wichtich part fan it Fryske kulturele erfguod wurdt troch dit projekt feilich steld foar de takomst. Papier fersuorret en fergiet. It papieren argyf is ek minder tagonklik.