Nije Blokhúsbrêge moandei iepen

© Omrop Fryslân
As je út it suden wei nei it provinsjehûs yn it sintrum fan Ljouwert wolle, hoege je fan moandeitemoarn ôf net mear kilometers om te riden troch de stêd. De nije Blokhúsbrêge giet dan nammentlik iepen.
Ferkear út De Skrâns kin dan oer de Sudergrêftswâl by de âlde finzenis de Nieuweweg op en dan fierder nei de Twibaksmerk. Auto's hoege dus net mear om te riden oer de Grienewei om yn it sintrum te kommen.