Feilich ûndernimme yn Harns

03 apr 2006 - 09:55

Harns krijt as earste gemeente yn Fryslân in karmerk feilich ûndernimmen. Tiisdeitemoarn sille de ûndernimmers yn de gemeente, de pleatslike plysje en de gemeente en brânwacht fan Harns it karmerk krije yn it stedhûs fan Harns.

Blomsma, foarsitter fan it Regionaal Platfoarm Kriminaliteitsbestriding en Foeke Wagenaar, korpsbehearder fan de plysje Fryslân, rikke it karmerk út. De partijen slute ek in konvenant, weryn't ôfspraken stean oer oanpak fan oerlêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)