Boekewiken krije in tema

03 apr 2006 - 06:41
Foto: Omrop Fryslân

De Fryske boekewiken krije tenei in tema. Dat fan takom jier is 'bergen fersette'. It tema is keazen yn oerlis mei de skriuwer fan it boekewikegeskink fan takom jier: Koos Tiemersma fan Kollumersweach.

Dat der tenei in tema is, is foaral op fersyk fan de boekhannelers. Sa kinne yntiids plannen makke wurde foar tariedings yn bygelyks de winkel en de etalaazje. De Fryske boekewiken binne fan 26 febrewaris oantemei 11 maart.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)