1 April-grappen yn de provinsje

© Omrop Fryslân
1 April, de dei fan de grapkes, wie it sneon. Yn de Bildske Post stie bygelyks in berjocht oer in fikinghelm dy't fûn wie yn in sleat yn de omkriten fan Sint Jabik. De helm wie sneon te besjen yn de nije fuotbalkantine dêr.
Yn de Ljouwerter Krante stie it berjocht dat Kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels himsels foardroegen hie as boargemaster op It Amelân. En Omrop Fryslân hie in berjocht oer Fryske domeinnammen...