Auto yn sleat by Skettens

© Omrop Fryslân
In bestjoerder rekke sneontemiddei troch noch ûnbekende oarsaak de macht oer it stjoer kwyt en kaam op de kop yn sleat telâne. Dat barde lâns de A7 fan Boalsert nei de Ofslútdyk by Skettens.
De bestjoerder koe him op eigen krêft rêde troch oer de stuollen te klimmen en sa de auto te ferlitten. De bestjoerder rêde dêrnei noch syn hûn dy't ek noch yn de auto siet. De man is foar kontrôle nei it sikehûs brocht en de rydstrook waard tydlik ôfsletten.