Heger berop tsjin sâltwinning

© Omrop Fryslân
De aksjegroep 'Laat het zout maar zitten' sil yn heger berop tsjin in nije útspraak fan de rjochter oangeande sâltwinning yn Noardwest-Fryslân. Freed bepaalde de rjochter dat Frisia Sâlt yn Harns 7 km piiplieding by Tzummearum en Easterbierrum wer brûke mei.
Yn novimber wie dat ferbean om't Frisia de grûneigners gjin skeafergoeding oanbean hie. Dat is yntusken dien en dêrom meie de liedings wer brûkt wurde. De aksjegroep is it dêr net mei iens.