Fjouwer Friezinnen yn sylploech

© Omrop Fryslân
Fjouwer Fryske sylsters hawwe in plak krigen yn de kearnploech fan de Yngling-klasse. It giet om Petronella de Jong fan Sint-Jabik, Marije Faber fan Toppenhuzen, Brechtje van der Werf fan Snits en Marije Kampen fan Starum. De kearnploech wurdt traind troch Maurice Paardenkooper fan Frentsjer.
Tegearre mei fiif oare sylsters docht de ploech mei oan de Sofia Cup op Mallorca. De kearnploech rjochtet him op de Olympyske Spelen.