Frou ferwûne by brân De Jouwer

01 apr 2006 - 15:00

In 46-jierrige frou is ôfrûne nacht ferwûne rekke by in brân yn har wenning oan de Hobbe van Baardtstrjitte op De Jouwer. De bewenster waard wekker fan de hûn dy't oan de doar klaude. Doe't de frou op ûndersyk útgong, seach se dat der brân wie.

De wenkeamer stie al fol reek. De frou koe de oare twa bewenners noch warskôgje. Se gongen alle trije nei bûten. De frou hat in soad reek binnen krige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)