Lintsje foar direkteur Tresoar

01 apr 2006 - 14:53

Skiedend direkteur Douwe de Vries fan Tresoar is freed beneamd ta Ridder in de Orde van Oranje Nassau. Hij krige it lintsje op syn ôfskiedsresepsje, fan kommissaris fan de keninginne Nijpels.

Douwe de Vries wie sûnt 2002 direkteur fan Tresoar, dat ta stân kaam troch in fúzje tusken de Provinsjale Biblioteek it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum en it Ryksargyf. De Vries hat in wichtige rol spile by dizze fúzje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)