Kwaliteit wichtiger as partij

01 apr 2006 - 12:55

Net it partijprogramma, mar de kwaliteit hat de trochslach jûn mei hokker partij de PvdA it kolleezje yn de gemeente Littenseradiel foarmje sil. Dat sei fraksjefoarsitter Waterlander fan de PvdA by de presintaasje fan de beide wethâlderskandidaten.

De PvdA foarmet de kommende fjouwer jier mei de VVD in kolleezje. De PvdA leveret as grutste partij Froukje Hernamdt as wethâlder. VVD'er Franke Doting komt út de wethâlderspoule.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)