Brantsje yn finzenis De Marwei

01 apr 2006 - 09:00

Der hat freedtemiddei brân west yn finzenis de Marwei yn Ljouwert. Neffens de plysje gie it om in frituerpanne dy't te hyt wurden wie. By it binnenbrantsje ûntstie frijwat reek.

By it útmeitsjen fan it fjoer wiene fjouwer teams fan de brânwacht fan Ljouwert belutsen. Fanwege de binnenbrân moasten in stikmannich finzenen tydlik wer werom nei harren sel. De skea falt ta. Panyk wie der ek net, sa seit Marwei-direkteur Golstein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)