Deadskisten by it hússmoargens

© Omrop Fryslân
Yn de Insulindestrjitte yn Ljouwert waarden freed trije deadskisten by it grut húsôffal set. It gie om trije bernelykkistjes. De kisten komme by keunstner Alfred Stücki wei, dy hie se brûkt foar in keunstprojekt.
De kisten binne oarspronklik ôfkomstich út 'e eardere grêfkistefabryk yn 'e Minnemastrjitte. Stücki hie de kisten by him yn 'e tún. Op fersyk fan buertbewenners hat de keunstner de kisten no fuort dien.