Balkenende iepenet festival

31 mrt 2006 - 17:39

It 'Befrijingsfestival Fryslân' wurdt 5 maaie iepene troch minister-presidint Balkenende. Hy komt nei Ljouwert om it befrijingsfjoer oan te stekken. De organisaasje ferwachtet sa'n 50.000 minsken publyk.

Op trije poadiums fine mear as 23 optredens plak. The Sheer komt oan mei de helicopter, omt de band op ien dei optredens docht op ferskate plakken yn it lân. Racoon wurdt tipt as de grutte attraksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)