Solarboat opnij boud

31 mrt 2006 - 17:19

Jachtbouwer Andela út Balk is sa goed as oernij begongen mei it bouwen fan in boat foar de solarrace yn juny fan dit jier. Andela makket syn boat fan aluminium. Hy woe platen brûke fan 1 milimeter dik, mar by it lassen foelen der grutte gatten yn de romp. Andela is dêrom opnij begûn, mei platen aluminium dy't in lyts bytsje dikker binne.

Oan de solarrace troch Fryslân dogge tsientallen teams mei út binnen- en bûtenlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)