Skipsbou wer yn 'e lift

© Omrop Fryslân
It giet goed mei de skipsbou yn Fryslân. Dat seit Peter Versluis, direkteur fan de VeKa Group. Skipswerf Bijlsma op 'e Lemmer is dêr in ûnderdiel fan. Probleem is wol dat der hieltyd minder faklju binne om de skippen te bouwen.
Versluis is troch in ûndernimmersblêd útroppen ta ûndernimmer fan it jier. Hy hat dit jier mear as hûndert oarders binnenhelle. Bijlsma fan 'e Lemmer profitearret dêr dus ek fan.