3,5 jier sel easke foar gizeling

© Omrop Fryslân
Tsjin in 44-jierrige man út Hurdegaryp is foar de rjochtbank yn Ljouwert trije-en-in-heal jier sel easke. De man wurdt der fan fertocht dat er yn desimber syn freondinne en har twa bern gizele en mishannele hat.
Hy hâlde de trije in nacht lang tsjin har wil fêst. De frou koe de deis dêrnei de plysje warskôgje, doe't se har soantsje nei skoalle brocht. De plysje hat de man doe oppakt. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.