Fiskomset Lauwerseach ferdûbele
It giet goed mei de fiskôfslach op Lauwerseach. Oer de earste twa moannen fan dit jier is de omset ferdûbele, yn ferliking mei ferline jier.
Mei inoar waard der 3,3 miljoen euro binnenhelle. Dat kaam omdat de prizen foar de fisk op Lauwerseach goed binne, mar der is noch in oarsaak. Dat wie it goeie fiskwaar yn jannewaris en febrewaris.