Jorwert is ferdield oer nijbou

30 mrt 2006 - 17:32
Foto: Omrop Fryslân

Jorwert is ferdield oer de nijbou fan fjouwer iengesinswenningen oan de westlike râne fan it doarp. Op it plak stiene yn it ferline fjouwer âlderein wenninkjes.

Troch de nijbou wurdt it sicht op de tsjerke en de doarpsrâne neffens in tal beswiermakkers bot oantaaste. Woansdei wie der in harksitting oer de plannen. Dêr koene de beswiermakkers harren beswieren uterje.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)