Ynbraak bensinepomp Hearrenfean

30 mrt 2006 - 16:13

Op it Hearrenfean is woansdeitenacht in 37-jierrige man oanhâlden omdat er ynbrutsen hie yn in bensinepomp oan de Van Kleffensleane. In tsjûge hie de man fuortfytsen sjoen. Op grûn fan in sinjalemint koe de fertochte oanhâlden wurde. Yn syn fytstas siet allegear stellen guod, lykas iterij en cd's.

Op 'e flecht hie er boppedat noch fan alles ferlern. Earder op 'e jûn woe de man by itselde besinestasjon ek al in byldskerm fan in kompjûter stelle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)