Hinneboeren op râne fallisemint

30 mrt 2006 - 15:51

Troch de effekten fan de driigjende fûgelgryp stean Fryske hinneboeren finansjeel op de râne fan it fallisemint. Dat seit Wilco Atsma fan Tsjom. Mei 200 tûzen hinnen is Atsma ien fan de grutste fleishinneboeren yn Fryslân.

De prizen fan fleishinnen binne yn in koart skoftsje tiid hurd ûnderút gien. Sa krije de boeren goed 10 sint de kilo minder as ferline jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)