Hazelhoff yn seksjebestjoer

30 mrt 2006 - 14:53
Foto: Omrop Fryslân

Albert Hazelhoff fan It Hearrenfean is troch it bestjoer fan de KNSB beneamd yn it Seksjebestjoer Langebaan. Hazelhoff is no foarsitter fan 'e technyske kommisje langebaan fan it gewest Fryslân. De beneaming fan Hazelhoff jildt oant de mienskiplike gearkomste fan 'e gewestlike technyske kommisjes. Dy is fan 't hjerst.

Troch it oantreden fan Hazelhoff en ek Bolt fan Noard-Hollân/Utrecht binne wer in pear fakatueres ynfold.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)