Swimbad Wommels mooglik ticht

30 mrt 2006 - 13:57

De kâns is grut dat it iepenloftswimbad de Klomp fan Wommels oer twa jier definityf ticht giet. Dat ferwachtet âld-bestjoerslid Pieter Huitema fan it swimbadbestjoer. Dat bestjoer is tiisdei opstapt om't se op termyn gjin takomst mear sjogge foar it swimbad.

It bestjoer hie in plan makke wêrby't in nij swimbad realiseard wurde soe yn kombinaasje mei de bou fan in nije brede skoalle yn Wommels. It plan is lykwols troch de gemeente ôfwiisd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)