Mobyltsje wichtich foar leafde

© Omrop Fryslân
Jongerein yn it Noarden brûkt de mobile tillefoan folle mear foar har leafdes- libben as jongerein yn de rest fan it lân. Leave wurden foar harren leafste meldt 11 prosint fan de jongeren leaver fia sms as libbensliif. Yn de rest fan it lân docht mar 5 prosint dat leaver. Dat blykt út ûndersyk fan TNS Nipo.
Noarderlingen brûke it mobyltsje ek hast twa kear sa faak om in ôfspraakje te meitsjen. Fan alle jeugd fynt 70 prosint de gsm wichtich foar de leafde.