Ynsidinten aaisikers en AID

30 mrt 2006 - 12:16

It oanwizen fan tsientûzenen bunders lân as guozzegedoochgebied soarget foar in hiel soad frustraasjes by aaisikers. De earste insidinten tusken aaisikers, boeren en de Algemene Inspectie Dienst binne al in feit. Dat seit foarsitter Anne Osinga fan de BFVW.

Osinga wol dat aaisikers lyk as jagers rommer de tiid krije om yn it fjild te wêzen. Dêrfoar wol de BFVW om tafel mei it ministearje fan Lânbou dat de guozzegedoochgebieden oanwiist.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)