De Bruijn bliuwt by de Flyers
Iishockeytrainer Brian de Bruijn is ek folgjend seizoen trainer fan de Vadeko Flyers. Hy hat syn kontrakt foar in jier ferlingd by de club út It Hearrenfean.
De Bruijn waard oan it begjin fan it ôfrûne seizoen oannaam as trainer by de Feansters en behelle de finale fan it Nederlâns kampioenskip. Dêryn waard mei 3-2 ferlern fan Nijmegen.