Plannen wenfoarm Surhústerfean

© Omrop Fryslân
Yn Surhústerfean komt mooglik in wenfoarm foar minimaal tolve ferstanlik handikapten. It soe dan gean om it eardere terrein fan skoalmienskip Lauwers Kolleezje oan de Ds. Boekholtstrjitte. By de gemeente Achtkarspelen binne plannen yntsjinne troch de Van den Bent stichting.
De stichting biedt tsjinstferliening oan minsken mei in ferstanlike handikap. De gemeente wol in ôfwaging meitsje mei oare mooglike plannen.