'Tsiis' fan Elsschot yn it Frysk

© Omrop Fryslân
It ferneamste wurk fan skriuwer Willem Elsschot sil oerset wurde yn it Frysk en as 'Tsiis' noch dit jier yn de boekwinkel lizze. Oersetter is Frank Dykstra fan Aduard en útjouwer is Mark Pieters fan Atheneaum Polak & Van Gennep út Amsterdam.
De oplage sil yn elk gefal achthûndert stiks beslaan, want safolle leden hat it Willem Elsschot Genootschap en dy wolle stik foar stik sa'n kurioasum yn 'e boekekast ha.