Opnij krisis by Cambuur

30 mrt 2006 - 00:00

Freed wurdt der opnij krisisberied hâlden by Cambuur Ljouwert. It rêdingsplan foar de klub stiet wer faai omdat ien fan de grutste skuldeaskers net meiwurkje wol. It giet om de heit fan âld-spiler Bernard Schuiteman, dy't noch 500 tûzen euro te goede hat. Schuiteman giet net akkoart mei it foarstel dat hem dien is.

Freedtemiddei sille direkteur Harjan van Dam en de groep Riedstra fierder prate oer in mooglike oplossing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)