SP net yn kolleezje Smel'lân

© Omrop Fryslân
De SP yn Smellingerlân docht net mear mei oan de ûnderhannelings foar in nij kolleezje. De partij kin him net fine yn in konsept kolleezjeprogramma dat troch de PvdA makke is. De SP fynt de ynhâld fan dat stik net sosjaal genôch. Ek wol de partij gjin jild mear stekke yn grutte projekten as it Drachtsterfeartplan.
De PvdA praat as grutste partij no mei it CDA en de ChristenUnie fierder oer it foarmjen fan in nij kolleezje.