Doarpen foar 55-plussers

29 mrt 2006 - 16:57
Foto: Omrop Fryslân

Yn it streekplan foar Fryslân moat romte komme foar spesjale doarpen foar 55-plussers. Dat fynt de VVD-steate- fraksje. Yn it Streekplan stiet wêr't Fryslân de kommende jierren op ynset wat wenjen en wurkjen oanbelanget.

De VVD slút mei it foarstel oan by de plannen fan Gaasterlân-Sleat. Dy wol yn de Súdwesthoeke in lúkse wenresort foar 55-plussers oanlizze. De VVD wol no in proef mei in doarp foar 55-plussers opnimme yn it Streekplan.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)