Aksje fergees ferfier libbet net

© Omrop Fryslân
De aksjes om woansdei fergees ferfier oan te bieden yn it streekferfier slacht net oan. Yn Fryslân binne mar in pear sjauffeurs dy't mei dogge. De aksje is opset troch it fakbûn FNV.
Mei de aksje wol it fakbûn minister Peijs ûnder druk setten. Sjauffeurs wolle har lean feilich stelle as se fan baas feroarje as in oar bedriuw it ferfier yn har regio oernimt. Neffens de sjauffeurs komt de aksje te betiid en libbet it noch net.