Grou wol ek nij spoarboekje NS

29 mrt 2006 - 13:34

Pleatslik Belang Grou wol dat de nije tsjinstregeling fan de NS yn Fryslân gewoan trochgiet. Dan komme der fjouwer treinen yn de oere op it stasjon Grou- Jirnsum. De NS sjocht nochris nei de nije tsjinstregeling, nei oanlieding fan protest fan de provinsje. Dy wol net dat yn it nije spoarboekje de intercity nei de Rânestêd ferdwynt.

Pleatslik Belang Grou wol dat de provinsje ek rekken hâldt mei de belangen fan lytsere plakken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)