De Harkema fergees nei de byb

29 mrt 2006 - 11:53

Ynwenners fan De Harkema kinne takom jier fergees nei de bibleteek. Leden kinne sa útfine oft de filialen yn Surhústerfean en Bûtenpost har foldogge.

De Harkema rekket yn desimber syn eigen bibleteek kwyt. De direksje fan it bibleteekwurk wol sjen oft it fergese lidmaatskip wat úthellet. As dat net foldocht, hat it de minsken yn elk gefal gjin jild koste, is de gedachte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)