Fersterking seedyk kin begjinne

© Omrop Fryslân
Wetterskip Fryslân kin takom wike begjinne mei it fersterkjen fan de seedyk by Swarte Haan. De provinsje hat dêr tastimming foar jûn.
Koartlyn die bliken dat seis kilometer seedyk by Swarte Haan tige swiere stoarmen net oankin, om't it asfalt stadich ôfbrokkelt. De proseduere om dit probleem oan te pakken, is ynkoarte. Sa hoege de gefolgen foar it miljeu net yn kaart brocht te wurden yn in saneamde miljeu-effektrapportaazje.