Wethâlder wurdt kritysk folge

© Omrop Fryslân
Wil Bakema is juster offisjeel beneamd ta wethâlder fan It Amelân. Dat gebeurde mei seis stimmen foar en fjouwer blanko. Dêrmei krijt Bakema it foardiel fan de twivel.
Fiif jier lyn moast Bakema opstappe as wethâlder, nei in ferneatigjend rapport oer syn funksjonearen. Fise-foarsitter Tineke Hemminga fan de ried op It Amelân seit dat se Bakema kritysk folgje sille. Nico Oud waard as twadde wethâlder beneamd.