Swimbadbestjoer Wommels hâldt op

© Omrop Fryslân
It bestjoer fan swimbad De Klomp yn Wommels is opstapt. Reden is dat de gemeenteried fan Littenseradiel it plan foar in kombinaasje fan in brede skoalle mei allerhande foarsjennings en in nij swimbad ôfwiisd hat.
It bestjoer hie dat plan betocht om it bot ferâldere swimbad te rêden. De Klomp bliuwt noch wol iepen oantemei 2008, mar wat der dêrnei gebeurt, is net dúdlik.