'Kokkelfangst net útwreidzje'

29 mrt 2006 - 10:14
Foto: Omrop Fryslân

De Waadferiening en sân oare natuerbeskermingsorganisaasjes wolle net dat de kokkelfiskerij op it Waad útwreide wurdt. It ministearje fan lânbou wol in útwreiding fan de hânmjittige kokkelfangst tastean, lykas in ferromming fan it fangen fan de saneamde ensis ('zwaardschede').

Neffens de Waadferiening besiket it ministearje sa nije mooglikheden foar de útkochte kokkelfiskers te finen, wylst de meganyske fangst stopset is.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)