'Jouster oerlêstjeugd oanpakke'

29 mrt 2006 - 10:11

Boargemaster Kuiper fan de gemeente Skarsterlân wol hurd optrede tsjin de oerlêst dy't jongeren yn it sintrum fan De Jouwer feroarsaakje. Neffens Kuiper is de oerlêst op guon plakken sa grut dat hy sels oerwaget om in pear hingplakken ûntromje te litten.

Kuiper wol it alkoholmisbrûk op strjitte ek hurd oanpakke. De gemeente is fan doel om de algemiene plysje feroardening hjirfoar oan te skerpjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)