Bargehâlder mei útwreidzje

29 mrt 2006 - 10:11

Bargehâlderij Lorist yn Himmelum krijt fan de gemeente Nijefurd tastimming om syn bedriuw út te wreidzjen mei in stâl foar 1600 barchjes. Doarpsbelang Himmelum hie earder út namme fan guon ynwenners in beswierskrift oan de gemeente skreaun oer de stankoerlêst.

De gemeente, mar ek de bargehâlder sels, sizze lykwols dat de stank fan de bargen yn de takomst allinne mar minder wurde sil troch fiergeande maatregels. Lorist hat no 5000 bargen op it bedriuw.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)