Nije banen by skipswerf Makkum

© Omrop Fryslân
Skipswerf De Vries yn Makkum, it eardere Amels, siket nije wurknimmers. It giet om 25 man. No wurkje der 75 man by de werf. Mei de nije banen liket de malêze yn skipsbou foarby te wêzen. Yn earder tiden wurken der 180 man by Amels. Mei de minne tiden giene in soad banen ferlern.
De nije banen lykje in unike kâns foar âld-Amels-meiwurkers. Sybrand de Vries fan skipswerf De Vries seit dat dat er dy wol hawwe wol.