Minimarestaurant wachtet op jild

© Omrop Fryslân
Foar it minimarestaurant yn Ljouwert binne it spannende tiden. It restaurant foar minsken mei in smelle beurs wachtet op it ja-wurd fan de haadsponsor. As dat oare wike komt, is de takomst fan it restaurant foar trije jier wis.
It restaurant hat oant no ta fergees ûnderdak krige yn fersoargingstehûs Het Nieuwe Hoek. Op de pear proefjûnen rûn it stoarm. De mielen kostje 2,5 euro it stik.